Home

Christo Carotare Cesare I

CCC Bach







Julius Caesar & Francesco Carotta Etsen






28 etsen, geļnspireerd op een biografie van Julius Caesar. » vervolg tekst





Seil bysette Rokzeil Fokzeil

01        8 / 1     Seil bysetten                                                            » Nederlands

De mantel fan Maria is as fok op it skip bysetten.

De mantel fan de hingjende Judas omearmet Kristus.

De holle fan Judas sit op de him himelwaarts ferheffende figuer; in omkearing fan de lear dat Judas de likenis en stalte fan Isa (Jezus) oannommen hat en krśsige is as straf foar syn ferried.











Rokjesdei Rokkenjager

02        8 / 2     Rokjesdei
 
De holle fan Clodius giet beskūl ūnder de rok fan Maria.

It feest fan Bona Dea is alinne foar froulju.

Clodius ferklaaide him as frou mei de bedoeling ūnopmurken de frou fan Caesar te ferlieden.

Hy wurdt ūntdutsen. Caesar lit him fuort fan syn frou skiede.











Hazze ut de Holle Legerhoofd

03        8 / 9     Hazze śt de Holle

In hazze, heidens symboal fan de fruchtberheid, springt śt in holle.

In ferbinende line komt ta nij libben: śt de holle oant yn de boartersguodkiste, in grźf.

Caesar en Kristus stjerre beiden tidens de peasken.

Peasken is in gearkommen fan it feest fan de fruchtberheid en de ferrizenis śt de dea.











It Skip de Fetgoarre Pingu

04        9 / 1     It Skip de Fetgoarre
 
It skip draacht de namme fan in pinguin.

De etsen binne makke wylst myn famke Foske genietet sūnder ein fan twa animaasjes.

It ferhaal fan Caesar en it ferhaal fan Kristus ha lavearre tusken it ferhaal fan Nijntje en it ferhaal fan Pingu.











Icarus I

05        9 / 2     Icarus
 
De Maria en Jezus op de ets IS IS IS binne ynspirearre op in skilderij fan in ūnbekende skilder dat yn Parijs hinget. Hy hat him ynspirearje litten troch it skilderij fan Rogier van der Weyden (wźrop’t de ets Bello Hispaniensi basearre is).

By Van der Weyden sjogge we in feest fan de dea.

By de ūnbekende skilder sjogge we yn de firyle Maria en de Kristus dy’t syn earmen spriedet as flerken, in feest fan de fruchtberheid: in oerwinning op de dea.











Paris Clodius Reine Claude

06        1 / 2     Paris Clodius
 
Clodius stiet bekend ūnder de namme Pulcher: de skjinne.

In diagonale line ferrint fia Clodius en it tugaazje fan it skip nei de piraat dy’t foar him nei in appel rikket.

In fariant op myn etssearje It Oardiel fan Paris.











De Keatling knapt De Teerling is geworpen

07        4 / 1     De Keatling knapt
 
Grutte Maria en Judas hingje mei de rźgen tjininoar oan. De earste kear dat besocht wurdt om Grutte Maria yn in folksgerjocht op te hingjen mislearret.
De keatling knapt en Maria brekt har bekken.

Neffens de kristlike lear oerlibbet Judas it opknoopjen en falt hy śt de beam.
Papias beskriuwt om likernōch 100 nei Kristus, dat Judas troch in goddeleas libjen sa tsjok wurden is, dat in Striidwein him net mear ūntwike kin en him ferpletteret. In sźne dy’t yn myn etssearje Weerborstels śtwurke is.











Wat is yn in Name Romeo en Judia

08        3 / 4     Wat is yn in Name
 
Yn it Grykske skrift ferskille de nammen fan Brutus en Judas mar ien streekje.

Judas’ efternamme, Iscariot, ferskilt mar ien streekje mei "Is Carrot". De namme Judas Iscariot lit him lźze as "De Ferrieder Is Carotta".

In ferrieder is immen dy’t de boel ferried of in geheim priis jout. Judas ferried Jezus yn de earste betsjutting. Carotta ferried him yn de twadde betsjutting: Jezus is de fergoade Caesar.











Kamilos Scheepstouwen

09        1 / 3     Kamilos Scheepstouwen

Wat in streek foarstelt hinget ōf fan de streken der om hinne.
Sa ūndergean de skipstouwen efter de rźch fan de piraat yn de dūbeleksimplaren, ferskate transformaasjes.

Se wurde de strimen fan de swypslagen op de skonken fan Kristus (8/1). De leien fan in hynder foar in striidwein (1/4). De trieden fan in marionet dy’t it skelet yn’e jurk beweechje litte (1/2).  In fisknet dźr’t it byld fan Venus yn fongen is (1/3). De snaren fan in harp (7/1).











Krusarsearje Kriskrassen

10        8 / 3     Krśsarsearje

By it meitsjen fan de njoggen etsen is yn it foar net neitocht oer it krūsjen fan de ōfdrukken. Ynhāldlik giet de searje oer it al dan net gearfalle fan persoanen. De tapassing fan it foarmprinsipe fan it oer inoar hinne ōfdrukke, smyt drama op, basearre op tafal.

Dźrby treffe my de oanrekkings it meast. Calpurnia/Maria dy’t  har holle flaaiket tsjin it boarst fan’e piraat/Jezus (9/1). Calpurnia/Maria dy’t Kristus, dy’t de trije slaven foarstelt, by de skonken omearmet (8/9). Kristus, dy’t syn holle rźste lit op it boarst fan Venus (8/3).











Hannelingen Handelingen

11        7 / 1     Hannelingen

Cato docht himsels te koart troch in syn swurd te fallen en syn yngewanten nei būten te heljen.

It boek De Hannelingen fan de Apostelen, seit dat Judas foaroer falt, yn it midden iepenbarst wźrop’t syn ingewanten nei būten gulpjen.

Cato en Judas hingje hjir yn spegelbyld. Harren earmen foarmje tegearre deselde pylk as de earmen fan Kristus.











Hannibal Pieta

12        4 / 8     Hannibal Pieta

Neffens Caesar stjert Catuvolcus fol wroech.

Hy is net spesifyk oer de metoade, mar neamt wol in beam.

As gefolch hjirfan wurde der twa ferhalen fertelt oer de wize wźrop’t Catuvolcus himsels fan it libben benimt: troch gif of troch ophinging.











Slaaf yn in Mantel What is in a Mantle

13        6 / 8     Slaaf yn in Mantel

Caesar lit syn leger yn’e steek om fersterking te heljen.

Hy docht him foar as slaaf en giet oan board fan in skip.

De bemanning is deabenaud om oanfallen te wurden troch de float fan’e fijān.

Caesar slacht syn mantel iepen en seit dat dit net nedich is: sy hawwe Caesar en syn gelok oan board.











Miss Forcible Wilgefortis Onvrijwillig Vrijwillig

14        3 / 6     Miss Forcible Wilgefortis

Ontcommer en Venus stean hjir yn spegelbyld.

Ontcommer stiet bekend ūnder de namme Wilgefortis (sterk fan wil).

De Venus is ōfbylde nei de animaasjefilm Coraline wźryn’t in ālde frijster, Miss Forcible (ūnfrijwillich), op it toaniel de Venus fan Boticelli ferbyldet.

Caesar fiert syn komōf werom op Venus.











Famke fan Wille Meisje van Plezier

15        4 / 6     Famke fan Wille

Cleopatra lit har ynslūkje yn it paleis dźr’t Caesar him ophāld.

As in taartfaam springt sy foar him śt in wasksek.

It bikinifamke dat hjir te foarskyn komt, draacht in tūke fan de oerwinning.











Deastek Doodsteek

16        9 / 3     Deastek

Longinus jout Caesar en Kristus de deastek.

Rabirius ūntkomt oan de dea trochdat om ūnbekende reden de reade flagge op’e heechste hichte fan Rome delhelle wurdt: it teken dat Rome yn gefaar is.











Icarus II

17        6 / 9     Icarus II
 
Caesar sit ynsletten yn it paleis yn Alexandriė. Ptolemaeus XIII, de broer fan Cleopatra, besiket him mei in grut leger te ferdriuwen. Caesar krijt help śt Pergamon.

It leger en Ptolemaeus fleane fuort. De boat fan Ptolemaeus slacht om. In sźne dy’t spegelt oan it ūntkommen fan Caesar fan it eilān Pharos, in pear wiken earder.

Ptolemaeus fergiet it oars. Hy ferdrinkt.











Burdmantsje Baard Vogelman

18        6 / 7     Burdmantsje

God jout Ontcommer in burd, om‘tst dat sy net trouwe wol mei in man de’t har net behaagt. Cato lit syn burd stean sūnt it begjin fan de boargeroarloch. Caesar lūkt yn syn lilkens Kening Juba oan syn burd.
Appolodorus falt tegearre mei Juba. Appolodorus, dy’t Cleopatra ynslūke hat, hat it stāl fan Baron Van Tast oannommen. In stripfiguer dy’t sjocht wat in oar net sjocht.
De soan fan Willem de Oermasterder (hjir net te sjen, haadpersoan yn myn etssearje Twa Friezen) hat as er lilk is de gewoante te razen: “By it hillich oantlit fan Ontcommer!”.











It Oanlit fan in Oaljefant Olifant

19        9 / 4     It Oantlit fan in Oaljefant

De oerwinning dy ‘t kening Catuvolcus behelle, is reden foar Caesar om syn burd stean te litten. Kristus krijt pas nei ieuwen syn burd, dźr’t Ontcommer har hieren krekt ferliest.
Op de earste munt dy’t Caesar as Oermasterder fan Galliė slaan lit, stean in oaljefant en in beam. Caesar bringt syn namme werom op in foarālden dy’t  in oaljefant deade hat (caesai = oaljefant). Oannimliker is lykwols, dat it ferwiist nei in earstberne mei in enoarme bosk hier op’e holle (= caesaries). De oaljefant dy’t  śt’e loft fallen komt en der mei de hieren by sleept is, is hjir kombinearre mei de ferrizenis fan Kristus.











Toarnkroantsje Doornroosje

20        2 / 4     Toarnkroantsje

De dea fan Catuvolcus, de kening dy stoar foar syn folk, wurdt op dit dūbeleximplaar fiert tidens de Bona Dea. Boppe syn holle hingjen kroanljochters.
 
Yn de āldste ferzje fan it ferhaal fan Doornroosje (Toarnroaske) is it Venus dy‘t der soarch foar hat dat sy net stjert.

It gif fan de taxus, de beam dy stiet foar de dea fan Catuvolcus, is deselde as dy fan de toarnappel dy‘t Toarnroaske insliepen lit.











Simson Samson Simsalabim

21        7 / 2     Simson

Clodius sit ūnder de rokken fan Delila dy’t Simson syn hieren knipt.











Clodius Ontkommer Komkommer

22        2 / 6     Clodius Ontcommer

Clodius ferdwynt alwer ūnder de rokken, dit kear dy fan Cleopatra, de frou fan Caesar.

Der wurdt him in proses oandien.

Hy ūntkomt oan in feroardieling op grūn fan in falsk aliby.











Begenedigje Vergeving Clementia Caesaris

23        7 / 8     Begenedigje

Kristus flaait syn holle tsjin it lichem fan Cato.

De reeėns om te ferjaan en de yn syn tiid sprekwurdlike myldens fan de Clementia Caesaris, stjitte Cato tsjin 't boarst.











Mest Mast

24        4 / 7     Meloen

Wylst Grutte Maria har yn Keningshaven būgt om‘t se fan in wettermeloen ite wol, klaut har fersoarger har efter har ear.

Grutte Maria wurdt lilk en ūnthollet him.

Om syn sirkus te rźden beslūt de eigener om de oaljefant foar it each fan alle minsken dea te dwaan.











Julius Caesar en Julius Caesar

25        2 / 3     Caesar Caesar

Twa rjochters behandelje de saak fan Rabirius: Julius Caesar en syn neef Julius Caesar. Kearnpunt yn it proses is: binne  de bedrigers fan de senaat in alle gefallen fūgelfaai.
Inkele moannen letter hālt Caesar, tidens in debat dat hannelt oer de fraach wat er mei gearspanners tsjin de senaat barre moat, in fjurrich pleit tsjin de deastraf: de dea is in befrijing śt it lijen.

By de dea fan Clodius giet it senaatsgebou yn flammen op.











Cato Pieta

26        3 / 7     Cato Pieta

Venus omearmet Cato. Har hierren lykje as flammen śt syn boarst wei te kommen.

Cato koestert in djippe haat tsjin Caesar.

Foar syn selsmoard lźst hy Plato’s Phadeo, dat hannelt oer de ūnstjerlikens fan de siel.











Twa Friezen Triomfboog

27        7 / 9     Twa Friezen
 
Cato, in wurgingel en Kristus foarmje in Romaanske bōge boppe de lauwerde Maria. Ut de būk fan Cato wei, komt in beam dy’t tabehearret oan de siedder. Beam en siedder binne ōfkomstich fan in grźf.
Twa bōgefriezen. Ien wurd foarme troch de beamen fan Judas en Cato, de lauwertūke fan Maria. De oare troch de tūke fan Maria en de beam dźr’t Simson en Delila harren ūnder befine. Triomfbōgen hawwe in grutte ūndertrochgong, flankearre troch twa lytsere. Sy tsjinje ta oantinken oan in oerwinning.











Triomf fan de Dea Triomf van het Geloof



















Home

Naar boven

28        6 / 1     Triomf fan de Dea

Op it skilderij dat Jeroen Bosch fan Ontcommer makket, is op’e eftergrūn in havenstźd mei sonken boaten te sjen. It triptyk hannelt oer de triomf fan it leauwen.

Hjirre wurdt in triomftocht hālden. In slaaf hālt in tūke boppe de holle fan Ontcommer en flśstert dat sy stjerlik is. De takke komt śt in beam fuort dy’t śt it lichem fan Hades groeit.

In Byzantijnske ivoarsnider kaam op it idee om it krśs fan Kristus śt de būk fan Hades barste te litten. In ōfbylding dy’t ynterpretearre wurdt as de oerwinning fan Kristus op de dea.

De ivoarsnider hat er yn it Gryks by beitele dat it de persoan fan Adou oangiet. De namme Adou betsjut Hades,
Adam, mar ek de hel. Men soe dźrom sizze kinne, dat dizze etssearje in oanfang nimt mei de beam fan kennis dy’t fuortkomt śt de hel.

Caesar skriuwt yn syn boek De Analogia dat men ūngebrūklike wurden mije moat as in kaptein in klip.

Ik skriuw dizze tekst yn it Frysk, dat foar my bestiet śt ūngebrūklike wurden. Dizze teksten en etsen gean oer de transformaasjes dy wurden en bylden ūndergean kinne as sy fieden wurde troch analogy.

Jezus praat oer in kamiel troch it each fan de nulle. Dit skip fan’e woestyn, kamźlos, is yn’e āldste boarnen in kamilos: in skipstouw. In kamilos is in ūngebrūklik wurd foar in woestynfolk. It is ferfangen troch in fertroud wurd dat er op liket: in analogy. De metamorfoaze dy’t skipstouwen ūndergean kinne, binne hjirboppe beskreaun by it njoggende dūbeleksimplaar.

Wannear ik alle etsen mei skipstouwen troch myn handen gean lit, leauw ik sels in haven te sjen, fol driuwende skepen.





Contact

Harns 2010 / Joost Witte